Omrop Fryslân oer ‘Het Verdriet van de Zuiderzee’

“In treflike gearwurking fan sang, muzyk en aktearjen op heech nivo.”

In yngripende muzykteaterfoarstelling oan de râne fan de Iselmar…

Nei de suksesfolle ´Lost in the Greenhouse´, presintearje muzykteaterselskip Orkater en Schouwburg De Lawei yn it ramt fan Arcadia 2022 opnij in muzykteaterfoarstelling op in unike lokaasje; it klif fan Aldemardum.

De ôfslútdyk. In moai foarbyld fan wetterwurk dêr’t de hiele wrâld nei opseach. It feroarsake
feiligens, bettere ferbinings en nij lân. Mar mei de bou stoar in see. Het Verdriet van de Zuiderzee stiet stil by de gefolgen foar minsken, fûgels en fisken en by de transformaasje fan it lânskip en it wetter sels.

Ielfisker Minne Minnes sjocht fertrietlik ta hoe’t syn broer Inne helpt by it bouwen fan de dyk dat it ein fan harren fiskerslibben betsjutte sil. Grietje Bosker springt mei entûsjasme bleatfoets en mei har rokken omheech, as earste de modderige dyk oer, noch foar dat dy goed en wol ticht is. In begjinnende boer set alles op it spul om in fruchtber bedriuw op te setten op it feroarjende lân. Underwilens botse jonge ielen hopeleas tsjin de dyk en fiere de oerbleaune seehûnen in heroayske striid om te oerlibjen yn it brakke wetter.

Oan de hân fan ferhalen oer minsken en bisten dy’t rûn de Sudersee libben wurdt de ûnwennigens taastber makke foar in ferlerne see. Op de melangoalyske muzyk fan Sytze Pruiksma, Radek Fedyk en Harald Austbø besjongt in koar fan fûgels in universeel en driuwend tema: De ûnomkearbere ympakt fan it ambisjeuze wrotten, graven, sloopjen en bouwen fan ‘e minske.

Het Verdriet van de Zuiderzee is in ko-produksje fan Orkater en Schouwburg De Lawei. Yn dizze muzykteaterfoarstelling wurdt Nederlânsk sprutsen en sil yn de iepen loft plakfine by De Hege Gerzen (Aldemardum), oan de râne fan de Iselmar.

De produksje wurdt realisearre yn gearwurking mei Natuurmonumenten en Kunstkring Gaasterland.

regy en tekst
Geert Lageveen

tekstbydragen
Nick Livramento Silva

regy-assistinte
Belle van Heerikhuizen

dekôr
Ruben Wijnstok
René Vullings

ferljochtingûntwerp
Stefan Dijkman

lûdûntwerp
Robert van Delft

spul en sang
Manoushka Zeegelaar Breeveld
Keja Klaasje Kwestro
Nick Livramento Silva
Jasper Stoop
Simme Wouters

muzyk
Sytze Pruiksma
Radek Fedyk
Harald Austbø

kostúmûntwerp
Arien de Vries

dramaturch
Cecile Brommer

Bij vragen over de kaartverkoop kun je contact opnemen via dit e-mailadres: [email protected] of bellen met 0512 33 50 50

Volg Het verdriet van de Zuiderzee via: